Even voorstellen: gedeputeerde Douwe Hoogland

Wie is gedeputeerde Hoogland en waar staat hij voor?

Ik stel my graach foar oan de ynwenners fan it gebiet Frjentsjerteradiel-Harns. Sûnt de simmer fan 2019 bin ik as deputearre út namme fan de PvdA ûnder oare ferantwurdlik foar de opjefte oangeande boaiemdelgong,
natuer en gebietsûntwikkeling. Dêrfoar haw ik fjirtich jier as boer aktyf west. Ik stean ûnder oare foar in Fryslân wêrby’t it lânskip behâlden bliuwt en ynwenners mei goede ideeën de kâns krije harren eigen gebiet fierder te ûntwikkeljen. Deputearre Steaten joech yn 2013 opdracht foar it útfieren fan it gebietsplan. Dêr hawwe sy in bestjoerskommisje foar ynsteld. Dy wurket no al wer gâns wat jierren oan de útfiering fan it plan en dat sjit aardich op. Ferline jier bin ik al mei de kommisje yn ‘e kunde kaam.

Wat vindt u van de gebiedsontwikkeling?

Ik ha fansels al earder heard fan it rinnende gebietsproses. Dat is ea troch myn foargongster Anita Andriesen útein set. Yn de ôfrûne jierren wie myn kollega Johannes Kramer as ferantwurdlik opdrachtjouwer derby behelle. Ik ha de yndruk dat der mei faasje yn it gebiet wurke wurdt en dat der in soad útfierd is. Mar ik hear ek wol dat it in kompleks en taai proses is. Dat kin ek hast net oars. Der spylje in soad belangen en der steane in soad maatregels en in grutte wetlike ferkaveling op de wurklist. Omdat de bestjoerskommisje dat selsstannich lûkt, en dat neffens my ek hiel goed docht, komt dit projekt minder faak foarby yn it provinsjehûs. En dat is prima. Ik sjoch dat kommisjes lykas dy foar Frjentsjerteradiel – Harns hiel goed mei-inoar plannen meitsje en útfiere, en dat se dêr goed oer kommunisearje. Dat dogge se mei alle partijen, wêrûnder sels ek in private partij lykas Frisia Zout BV. Dy wurkwize – dy’t foar dit projekt al yn 2008 begûn is – kriget ek op oare plakken yn de provinsje hieltyd mear foarm. Bygelyks by de útwurking fan it feangreidefraachstik. Ik stypje dat. Sa kinne wy mei de Mienskip gearwurkje.

Hebt u iets meegekregen van de ontwikkelingen bij de wettelijke herverkaveling en de afweging bij
bescherming van landschappelijke waarden?

Ja dat haw ik wis wol. Fan ‘e maitiid ferline jier al kamen der knipepunten by de ôfwaging tusken de belangen fan de lânbou en de lânskiplike waarden yn it nijs, en koartlyn op ‘e nij. Lânbouorganisaasjes kamen fanwegen en der wurdt ek soarch foar de beskerming fan it lânskip utere.
Ferline jier krige ik ynformaasje ûnder eagen oer de troch de bestjoerskommisje útwurke oplossings. Knap hoe’t sy ta ôfwagen oplossings en advizen kommen binne. Dan sjogge jo ek de krêft fan de partijen yn de kommisje, ek by o sa tsjinstridige belangen. It libbet o sa. FNP en PvdA
stelden der koartlyn ek fragen oer.

Hebt u nog advies voor de bestuurscommissie?

Mei faasje fierder!

In december 2020 stelden de gemeenten Waadhoeke en Harlingen de beleidsregel over cultuurhistorische en landschappelijke waarden vast. Hier leest u meer over deze beleidsregel.